De Wâlden ‘Lekkerste krite fan Nederlân’?

novimber 7, 2021 13:39

Wâldbeantsjes, wichters en apelsop fan Fryske Frucht dogge mei oan lanlike ferkiezing

Wâldbeantsjes. Foto @ Wâldpyk

Op 29 novimber dogge se út de Wâlden wei oan de ferkiezing ‘Lekkerste Streek van Nederland’ mei. Dy wurdt holden yn Woubrugge (SH). Sjefkok en wrâldkampioen stamppotsieden John Spruit sil dêr foar de Wâlden in gerjocht meitsje fan wâldbeantsjes, wichters en apelsop fan Fryske Frucht. It evenemint wurdt organisearre troch Streekeigen Producten Nederland (SPN) út Wageningen.

Ut alle meidwaande lânskriten komt in kok mei dy’t fan trije streekeigen produkten in gerjocht makket. In saakkundige karkommisje beoardielet dy. De winnende krite mei him ‘Lekkerste Streek van Nederland’ neame.

Wichterprodukten.
Foto © Waldpyk

 

Der wurdt benammen achtslein op de streekbûnens en duorsumens fan de produkten. Neffens Henk Pilat, direkteur fan it streekmerk Wâldpyk, wurde der ek punten jûn foar produkten dy’t it lanlik Erkend Streekproduct Keurmerk drage of in regionaal keurmerk dat dêrby oansletten is. Fansels is de kreativiteit fan de kok ek belangryk en telt mei hoe’t de gerjochten smeitsje en hoe’t se opmakke binne.

De belangstelling foar regionaal produsearre, earlik iten is mei troch de koroanakrisis tige tanommen. It makket de konsumint hieltyd mear út wêr’t syn iten weikomt en wat de eigen libbensomjouwing deroan hat. Dêr wol er in earlike priis foar betelje.

Dat de fraach nei streekprodukten tanimt, fernimme se by it Erkend Streekproduct Keurmerk fan SPN en by de oansletten regionale organisaasjes en produsinten ek. Om dat te fieren organisearret SPN de lanlike ferkiezing Lekkerste Streek van Nederland.

 

novimber 7, 2021 13:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.