‘De (ûnwisse) fjouwer seizoenen’ n.o.f. de klimaattop yn Glasgow

novimber 4, 2021 09:01 Fernijd

Antonio Vivaldi ferklanke yn 1723 de fjouwer seizoenen yn syn syklus fan fjouwer fioelkonserten. It klimaat feroaret lykwols en dêrmei de seizoenen ek. Hoe soe Vivaldi’s muzyk yn 2050 klinke?

Beitske de Jong (boarne: NTR)

Mediakeunstner Tim Devine en komponist Hugh Crosthwaite makken in bewurking op basis fan in kompjûtermodel. Dêrfoar brûkten se data oer klimaatferoaring fan it ynternasjonale klimaatpanel, IPCC. It resultaat is in tritichtal nije ferzjes fan De fjouwer seizoenen. Mei’t de gefolgen fan klimaatferoaring op ferskate lokaasjes op ierde ferskille sille, kriget eltse regio syn eigen unike ferzje.

NPO Radio 4 en NPO 2 ekstra stjoere de Nederlânske ferzje út, spile troch it Radio Filharmoanysk Orkest en mei kommentaar fan romtefarder André Kuipers. Sûnt syn romtereizen set Kuipers him, ûnder mear mei syn eigen stifting, yn foar de duorsumens fan ús planeet.

Presintaasje NTR Jûnskonsert: Beitske de Jong.

Utstjoering:
Tiisdei 9 novimber yn it NTR Jûnskonsert, NPO Radio 4, 20.00 oere
Snein 14 novimber yn Podium Witteman ekstra op NPO 2 ekstra om 19.15 oere

Tal fan útstjoeringen fan de NPO steane ein oktober en begjin novimber yn it teken fan it klimaat en klimaatferoaring. De publike omrop heakket oan by de Nasjonale Klimaatwike 2021 (fan 28 oktober o/m 5 novimber) en de mondiale klimaattop yn it Skotske Glasgow (fan 31 oktober o/m 12 novimber).

De oare programma’s fan de NTR dy’t dêroan meidogge binne Atlas (3 novimber, oer ‘wylde’ klimaatplannen, presintaasje Petra Grijzen), Andere Tijden (3 novimber, oer de altyd weromkommende diskusje oer kearnenerzjy) en De Kennis van Nu (18 novimber, oer de driigjende see en foaral de plannen om minsken dêrtsjin te beskermjen).

Sjoch de side oer de Klimaatprogramma’s fan de NTR.

novimber 4, 2021 09:01 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.