De universitêre stúdzje Frysk yn Grins stiet faai

novimber 25, 2021 10:12

It Grinzer Akademygebou mei de Fryske flagge, doe’t Teake Binnert Hoekema as earste, op 4 desimber 1951, it doktoraal Frysk krige (foto: Frans Popken/Tresoar)

Ynstjoerd

Op 3 desimber 1951, fuort nei Kneppelfreed, waard it earste doktoraaleksamen Frysk ôflein oan de Ryksuniversiteit Grins. No dus ek krekt santich jier lyn. Troch Kneppelfreed krige dat feit doe in soad omtinken yn de media, sels lânlik. En de RUG die grutsk mei: de Fryske flagge waard útstutsen oan it Akademygebou. De dekaan fan de letterefakulteit spruts by de útrekking fan ’e bul wiidweidich oer it belang fan de wittenskiplike bestudearring fan it Frysk en de betsjutting dêrfan, net allinne foar Fryslân.

De akademyske bestudearring fan it Frysk liket no nei santich jier slim yn ’e knipe te kommen. It wie oan de RUG al langer net mear mooglik om Fryske taal en kultuer yn bachelor/master-foarm te bestudearjen, mar no wurdt it Frysk hieltyd lytser yn it kurrikulum fan de RUG. En dat wylst de RUG him graach oppenearet as ‘universiteit fan it Noarden’. Allinnich lykje se harren dêr net mear sa te bekroadzjen om de stúdzje Frysk as earder. En dat is kwealik en út akademysk perspektyf wei sjoen ek ûnwinsklik.

De provinsje is ree om tegearre mei it Ryk yn ’e bûse te taasten om in folsleine universitêre stúdzje mei in bachelor- en masterstruktuer te bekostigjen. Dat is nedich om’t it Frysk it fertsjinnet om bestudearre te wurden. Boppedat soarget bestudearring fan it Frysk op taalkundich, literêr, skiedkundich en sosjaal mêd derfoar dat ek takomstige generaasjes by steat binne en bliuwe om it Frysk en alles wat dêrmei gearhinget yn perspektyf te pleatsen. Dêrnjonken is it bestudearjen fan it Frysk as in folsleine en folweardige akademyske stúdzje fan fitaal belang foar de Fryske kennisynfrastruktuer.

Benammen it wurd folweardich is hjirre fan belang. De RUG sil úthalde dat it Frysk ek yn de besteande konstruksje ûnderwiisd wurde kin. Mar dat is wat oars as dat it ek yn syn fole omfang bestudearre wurde kin. Tsjinwurdich moat men, no’t it Frysk by de stúdzje Minorities & Multilingualism ûnderbrocht is, der al mei in ljochtsje nei sykje. En as it net sichtberder wurdt as no, dan wurdt it wei.

Dêrmei ha wy fuort ek al neamd wêr’t it misbeteard is. It bestjoer fan de letterefakulteit is der pertinint op tsjin dat it Frysk wer in folweardige stúdzje wurdt mei in Bachelor/Master-struktuer. En dat is nuver, want om it jild hoecht it net oer te gean. Sawol it Ryk as de provinsje binne ree om jild te jaan foar it wer opsetten fan sa’n folweardige stúdzje Frysk.

Wêrom is it fakulteitsbestjoer dan sa bot tsjin op in ek sichtbere stúdzje Frysk? Dat sil grif te krijen hawwe mei de hearskjende bestjoerlike opfetting dat akademyske stúdzjes perfoarst jild opsmite moatte. It tal studinten is de noarm wurden, want dat kin omset wurde yn jild. Lytsere stúdzjes kinne dan wol oppakke.

Soe de stúdzje Frysk net better te plak wêze by Campus Fryslân yn Ljouwert? Dy suggestje heart men wolris. Wy binne fan betinken dat soks in minder goed idee is, alteast wat de Bachelor oangiet, dus de earste trije jier fan de stúdzje. Yn Ljouwert mist de kontekst fan oare talestúdzjes, lykas it Nederlânsk, it Ingelsk, of it Dútsk. Dan hawwe studinten gjin profyt fan fakken lykas algemiene taal- en letterkunde en krekt dy ynteraksje is essinsjeel. Oan de RUG hawwe boppedat ek net-Fryske studinten de kâns om mei it Frysk yn kontakt te kommen en it te bestudearjen, sa’t twa fan de ûndertekeners befêstigje kinne. As Frysk op Bachelornivo yn Ljouwert fêstige wurde soe, dan soe sok ûnderwiis te provinsjaal wurde en faaks sels de ynlieding wêze kinne ta in stjerhúskonstruksje.

Oars leit it mei it ûnderwiis yn de Master-faze. Alwer in moai skoft lyn is der troch de sittend heechlearaar in plan lansearre foar sa’n Master, dy’t út Grins wei yn Ljouwert fersoarge wurde soe. It grutte foardiel fan dat plan is dat foar it Master-ûnderwiis gebrûk makke wurde kin fan de ynstellingen út de Fryske kennisynfrastruktuer (Fryske Akademy, Tresoar, Afûk, Fries Museum, ensafh.) en dat tagelyk minsken oplaat wurde kinne om leechfallende plakken binnen dy ynstellingen opfolje te kinnen. It plan koe op in protte adheezje út it fjild rekkenje en ek op de (finansjele en morele) stipe fan de Provinsje, mar waard troch it bestjoer fan de letterefakulteit tsjinholden.

Yn 2019 organisearre de Stifting Freonen Frysk Ynstitút Ryksuniversiteit Grins in sympoasium mei as titel ‘De takomst fan de frisistyk’. Pommeranten út it hiele brede wurkfjild kamen byinoar om te besjen hoe’t it lân derhinne lei en wat der dien wurde koe om de akademyske stúdzje fan it Frysk út de nederklits te heljen. It boek mei deselde titel wie neffens Kommissaris fan de Kening en foarsitter fan it Genootschap Onze Taal, Arno Brok, foar him sels it wichtichste boek oer taal dat yn 2020 ferskynd wie.

Nettsjinsteande dat alles draait it provinsjebestjoer as hoeder fan it Frysk de tommeskroeven noch net echt oan by it Grinzer fakulteitsbestjoer. It stiet it provinsjebestjoer te priizgjen dat it dit fraachstik op minlike wize oplosse wol, mar de fraach is oft ûnderwilens net de tiid kommen is foar mear aksje.

Bestjoer Stifting Freonen Frysk Ynstitút Ryksuniversiteit Grins:
Prof.em.dr. Rolf Bremmer, dr. Oebele Vries, Riemer Janssen MA, Dirk Jan Muntendam MA

novimber 25, 2021 10:12
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Abe novimber 25, 13:57

    SELSMARZJINALISEARRING

    Tige sympatyk skriuwen fan fjouwer heechlearde hearen. In universiteit dy’t inkeld mar stúdzjes wol mei in boel studinten. In provinsje dy’t de oarloch ferklearre hat oan literatuer, ferstân, ynsjoch. Yn sa’n anty-yntellektueel, populistysk klimaat krijt bestudearring fan it Frysk en de Fryske literatuer gjin kâns. Politike folkloare – dat is: op oanjaan fan provinsje en ynstituten jûchheie foar ‘ús súksessen’ – slacht foar master op, wylst taal, keunst en kulturele diversiteit yn it driuwsân ferdwine. As ik no Anne Wadman 1953 neidwaan woe, dan soe ik sizze: skriuwers, tink derom, mûle ticht hear! Jim soene ris foar bewegers oansjoen wurde kinne. Mar ik hoech neat te sizzen, want Wadman rules. De dichters fan it Literêr Sirkwy bringe aansens yn Burdaard, sa’t se sels yn in parseberjocht witte litte, ,,in posityf tema”, te witten: ‘De loft is blau fan dagen’. Ins Blaue hinein! Wurdt grif wer ûnferjitlik ûnskealik. Soenen je gjin pinebealch krije fan safolle selsmarzjinalisearring – op it ferkearde stuit?

  2. Cees van der Meulen (MA Frysk) novimber 25, 20:46

    It Bestjoer Stifting Freonen Frysk Ynstitút Ryksuniversiteit Grins hat yn boppesteand artikel helder ferwurde, dat de universitêre studzje Frysk yn grut gefaar is. It Fakulteitsbestjoer fan de RuG wol it Frysk net in folweardich plak jaan.
    Boppeneamde Freonen komme mei in treflik foarstel.
    It komt no oan op de politke wil fan de Provinsje Fryslân om him fûleindich yn te setten foar it behâld fan in folweardige stûdzjerjochting Frysk.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.