De oksen fan Nijlân

novimber 27, 2021 07:00 Fernijd

Folksferhaal

Foto MV

Yn it sintrum fan Nijlân, foar de tsjerke oer en njonken it kafee, stiet in opmerklik keunstwurk, yn 1995 makke troch Anne Woudwijk. It bestiet út twa grutte stiennen mei op de binnenside fan beide in ôfbylding fan in oerokse. De okse op de lofter stien rint it byld yn. Tusken syn hoarnen draacht er in waakskears. Dat teken fan ljocht en libben symbolisearret it begjin fan it libben. De okse op de oare stien stapt it byld út. Syn sturt liket op in slinger en de útein derfan op in omkearde flam. As de slinger ophâldt, stiet de tiid stil en dôvet de flam. Dat symbolisearret it ôfskied fan it libben.

It oarspronklike plan wie dat de minsken op wei nei tsjerke oer it paad tusken de twa stiennen troch rinne soene en dat se sa yndachtich makke waarden op dy beide fasetten fan it libben.

Foto MV

It keunstwurk referearret oan it ferhaal dat Andreas Cornelius yn 1597 optekene:

Wapen fan Nijlân; foto MV

Lang lyn woene se yn Nijlân graach in eigen tsjerke hawwe. Dat waard jierrenlang frustrearre troch de parochy fan Hartwert, dêr’t iuwenlang in kleaster stie. Op alderhande wizen dwersbongelen de Hartwerter boeren, dy’t de hoarnen yn ’e wâl stutsen, sadat de plannen hieltyd mar net trochgean koene. Uteinlik, nei jierren fan striid, kaam der in foarstel. Der soene twa oksen, mei in keppelstôk oaninoar fêstbûn, it lân yn stjoerd wurde. Op it plak dêr’t se de oare moarns fûn wurde soene, mocht de tsjerke komme.

It plak dêr’t se fûn waarden, wie min en sompich, mar de minsken út Nijlân setten har teskoar en giene der net foar omlizzen. Se ferhegen de grûn as in soarte fan terp en bouden yn 1275 harren tsjerke ta eare fan Nicolaas fan Myra, de beskermhillige fan de seefarders.

Matthijs Verkuijl

novimber 27, 2021 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.