‘De Goargels’ fan Jochem Myjer yn it Frysk

novimber 9, 2021 09:06

Dizze wike ferskynt by útjouwerij Bornmeer De Goargels (yn ’t Frysk!), skreaun troch Jochem Myjer mei yllustraasjes fan Rick de Haas. De Fryske oersetting is fan de hân fan Martsje de Jong.

Boarne: Bornmeer

Midden yn ’e nacht wurdt Melle wekker. Der sit in frjemd wêzentsje op de râne fan syn bêd. It liket wol in kleauntsje wol, mei earmkes en skonkjes en twa hierrige, puntige earen. Mar as Melle it ljocht oandocht, is it wêzentsje fuort. As er der op skoalle oer fertelt, laitsje se him allegear út. Sels heit, dy’t biolooch is, seit dat it ûnsin is, dat sokke wêzentsjes net besteane. Mar Melle is wis fan wat er sjoen hat …

No ek yn it Frysk, dit fantasyrike en spannende aventoer oer Goargels, Brutelers en in jonge mei supereagen, fan Jochem Myjer. Yllustrearre troch Rick de Haas, bekend fan Mees Kees. De Goargels heart by de bêst ferkeapjende berneboeken fan it lân.

Jochem Myjer is ien fan de grutste en populêrste komiken. Hy stiet foar útferkochte sealen, oan ’e nok ta fol mei jong en âld. De Goargels is syn earste berneboek.

It boek wurdt ynkoarten offisjeel presintearre.

Boekgegevens De Goargels:
ISBN 978 90 5615 824 8 | bûn | 136 siden | € 16,99

De Goargels is te keap by de boekhannel en fia www.bornmeer.nl.

novimber 9, 2021 09:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.