De Fryske Reklamepriis útrikt

novimber 8, 2021 19:18

Fan ’e moarn is yn Harns de Fryske Radioreklamepriis útrikt oan Rederij Doeksen. Ut hannen fan foarsitter Pier Bergsma fan de Ried fan de Fryske Beweging ûntfongen Annemieke van Brummelen, manager kommersjele saken by Doeksen, en produsint John de Vries fan Ljouwert elk in byldsje fan Grutte Pier en in oarkonde. Boppedat wie der foar rederij Doeksen noch in sjek fan 250 euro.

FRP-Doeksen-oarkonden, f.l.n.r. John de Vries, Pier Bergsma, Annemieke van Brummelen (foto: FRP)

Rederij Doeksen hat de Fryske Radioreklame Publykspriis wûn mei it spotsje ‘Kom mei de bern nei Skylge’. Mei noch twa oare nominearre kandidaten, Frysk Makelaars fan it Hearrenfean en Meulen & Baarsma fan Snitskrige it spotsje de measte stimmen fan it Fryske publyk. It is foar de 19e kear dat de priis útrikt waard. Under de stimmers sil in jildpriis fan 250 euro ferlotte wurde.

De kommisje Fryske Reklamepriis oer it spotsje: “Troch it entûsjasme dêr’t dit spotsje mei ynsprutsen is, kriget men der al gau sin oan om in kaartsje te boeken foar in besite oan Skylge of Flylân! De lûden op de eftergrûn, fan de boat en de kobben, fersterkje dat effekt noch. Húshâldingen mei jonge bern hoege it net te litten: bern reizgje fergees. Mei it brûken fan de Fryske taal rjochtet Doeksen him mei opsetsin op de Fryske merk. Krekt foar de Friezen is it maklik om noch efkes te kiezen foar in boeking op it lêste momint. Foar it brûken fan it eigentiidske ‘kids’ oer (ek yn Fryslân wurde soksoarte wurden brûkt) stiet dúdlik de kar foar geve Fryske wurden lykas Skylge, bern, fergees, reedride en betingsten.”

De Fryske Reklamepriis is yn it libben roppen om it brûken fan de Fryske taal of in Fryske streektaal yn reklame-uteringen te stimulearjen. De FRP is in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging. Op 14 maart 1995 waard de earste FRP útrikt en dy wie doe noch allinnich foar radioreklame. Yn 1999 is de earste telefyzjereklamepriis útrikt.

novimber 8, 2021 19:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.