Danny Ghosen reizget wer nei de Arabyske wrâld ôf
Resint ferskynd
Yn Danny in Arabistan III, fan 14 jannewaris ôf op NPO3, reizget Danny Ghosen opnij troch de Arabyske wrâld om te sjen wat jonge minsken dêr beweecht en ynspirearret. Diskear besitet er de Afrikaanske lannen Soedan en Djibouti. Hy praat mei jonge froulju en manlju en folget harren yn it deistich libben, faak tsjin heftige eftergrûnen fan skeel en revolúsjes. Hoe sjogge sy nei de situaasje yn harren lân, de feroaringen dy’t barre, en hoe sjogge sy harren takomst?

Danny Ghosen yn Soedan (foto: NTR/CCCP)
Ofl. 1 Soedan, diel 1:
Danny reizget nei Soedan ôf, dêr’t yn 2019 in ein kaam oan it diktatoriale bewâld fan presidint Omar al-Bashir. Hy besitet de mingde universiteit fan Khartoem en moetet dêr twa studintes dy’t foarop giene yn de revolúsje. Hoe sjogge sy nei de situaasje no? Sûnt koart is der ek in fuotbalkompetysje foar froulju en Danny giet by in frouljusalvetal lâns dat genietet fan de sport, mar noch altyd muoite hat om yn fuotbaltenu de dyk op te gean. Nettsjinsteande dat it libben net foar elkenien like maklik is, priuwt Danny hoop en positiviteit by de jongerein yn Soedan.
Ofl. 2 Soedan, diel 2:
Danny reizget opnij nei Soedan. Hoe is it no mei de posysje fan de frou steld? De revolúsje hat in protte feroare, mar âlde tradysjes ferdwine net samar. Danny besitet in meardeiske tradisjonele brulloft mei in soad âlde en wûnderlike gebrûken. Hy moetet ek in frou dy’t op ’e flecht is, mei’t se tsjin har sin úthoulike is. Hy sjocht dat diskriminaasje noch altyd in grut probleem is yn it hjoeddeiske Soedan. Hoe ljochter de hûd, hoe better. Soedaneeske froulju litte der sels de hûd foar bleke. Ta beslút ûndersiket Danny hoe’t it sit mei de frouljusbesnijenis yn de Soedaneeske kultuer. Wurde jonge famkes noch altyd besnien?
Ofl. 3 Djibouti:
Yn de tredde ôflevering fan Danny in Arabistan reizget Danny nei Djibouti ôf. In lyts lân, ferskûle yn de hoarn fan Afrika, mei likernôch ien miljoen ynwenners besteande út meast Arabieren, Somaliërs en de Afar. Wichtich foar sawol de ekonomy as de kultuer is it ferdôvjende middel Qat. Yn Nederlân is dat middel ferbean, mar yn Djibouti net. Danny praat mei sawol hannelers as brûkers. En Danny lûkt nei de Assalmar, foar in oar wichtich hannelsprodukt: sâlt. In wichtige boarne fan ynkomsten foar Djibouti, mar ek foar oare lannen nijsgjirrich.
De trijedielige rige Danny in Arabistan III is fan 14 jannewaris ôf op freedtejûnen te sjen op NPO3. It programma wurdt foar de NTR produsearre troch CCCP.
Utstjoering: Freeds 14, 21 en 28 jannewaris om 20.25 oere by de NTR op NPO3.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje