CDA Fryslân: útstjit stikstof yn de praktyk mjitte

novimber 30, 2021 10:15

Op it digitale partijkongres fan CDA Fryslân op 11 desimber 2021 sille de leden yn in resolúsje derfoar pleitsje om stikstofútstjit yn de praktyk te mjitten en net mear fan modellen út te gean. Salang’t der gjin dúdlikheid is oer dy útstjit troch boerebedriuwen, meie boeren net twongen útkocht wurde.

Yn ’e buert fan stikstofgefoelige Natura2000-gebieten wurdt foar romtlike yngrepen in fergunning jûn op basis fan in stikstofberekkening mei it AERIUS-rekkenmodel. Te maklik wurdt der by dy gebieten fan útgien dat in grut part fan de stikstofútstjit troch de feehâlderij feroarsake wurdt, sûnder dat dat metten is. De CDA-leden wolle dêrom dat der folle mear yn de praktyk metten wurdt en dat it AERIUS-rekkenmodel toetst wurdt oan dy mjitresultaten. Ferplichte útkeap soe allinne meie as oantoand wurdt dat dêr werklik winst foar it neistlizzende Natura2000-gebiet mei behelle wurdt.

Fierder wol CDA Fryslân dat wetjouwing it mooglik makket om feehâlders te stypjen by it nimmen fan maatregels om it ferlies oan mineralen te beheinen en de omloop better te sluten. Foar it behear fan natuergebieten troch boeren moat de rintiid fan de oerienkomsten fan seis jier op tritich jier brocht wurde. Oars hawwe de boeren te min wissichheid foar de bedriuwsfiering.

novimber 30, 2021 10:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.