Catharina Lautenbach – ‘Fûgels yn ús’

novimber 26, 2021 08:54

Boarne: Bornmeer

Fan ’e wike ferskynt by útjouwerij Bornmeer Fûgels yn ús, skreaun troch Catharina Lautenbach.

De ferhalen yn de bondel binne licht absurdistysk fan toan en koart en krêftich. Mei emoasje en gefoel foar taal nimt Catharina Lautenbach de lêzer mei yn humoristyske situaasjes, famyljekonflikten en geheimen. Ferskate personaazjes passearje yn fûgelflecht de revu en sjogge har steld foar fragen en problemen dy’t yntrigearje. Faak komt in ûnferwachte ûntjouwing ta stân.

Catharina Lautenbach is berne yn Drachten (1964). Fûgels yn ús is har literêre debút. Yn 2017 hat se in boek oer har Fryske famyljeskiednis publisearre (Zelf baas zijn).

ISBN 978 90 5615 825 5 | papieren omkaft | 128 siden | € 14,90

Fûgels yn ús is te keap by de boekhannel en fia www.bornmeer.nl.

novimber 26, 2021 08:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.