Brok wol folle bettere Fryske lessen
Resint ferskynd

It ûnderwiis yn de Fryske taal moat folle better, oars komt it net goed mei it Frysk. Dat sei Kommissaris fan de Kening Arno Brok dit wykein by de presintaasje fan it boek Kneppelfreed 2021 fan Peter Boomsma.
It is hjoed santich jier lyn dat de plysje op it Ljouwerter Saailân mei kneppels en wetterkanonnen in groep oanhingers fan de Frysksinnige sjoernalist Fedde Schurer ferjage, dy’t by syn rjochtsaak wêze woene. Om’t dat in soad opskuor joech, hawwe de Friezen dêrnei mear taalrjochten krige.
Sûnder mear en better ûnderwiis wurdt it lykwols neat, sei Brok. Hy neamde oare Europeeske regio’s as foarbyld foar Fryslân, lykas Kataloanië. “It Katalaansk is de haadtaal yn it skoalgebou”, sei er. It Frysk moat gewoaner wurde, wie er fan betinken, oars ferbrekke Friezen harren te fluch.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje