broek
Resint ferskynd

boarne: pixabay.com
broek
stel no ris
ik skriuw in gedicht
datst daliks begripe kinst
soe ik dêrmei de opfolger
fan sigrid kingma wurde kinne
oer twa jier
om yn alle gefallen in bytsje
op in dichter te lykjen
brûk ik gjin haadletters
en gjin lêstekens
en gjin rym
mar de foarm dy’t ik keazen ha
is de foarm foar in gedicht
broek
dat is de titel fan myn gedicht
in broek dêr giet it dus om
der lei noch in âldenien
yn de garaazje
net hielendal skjin
mar myn skamte
kin ik dermei bedekke
skamte
hoesa
ik ha in gedicht skreaun
datst samar
begripe kinst
oars soe it dochs
gjin gedicht neamd
wurde kinne
inger wets
(miskien de takomstige dichter fan fryslân)
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje