Bouwe de Boer: Kin ik sûn hûndert wurde?

novimber 13, 2021 10:55

Kollum

Stel jo wenje yn in gebiet dêr’t de minsken yn trochsneed tige âld wurde. Dat kin. Sokke gebieten besteane. Dy wurde Blue Zone neamd. Hieltyd mear Friezen binne fan betinken dat Fryslân dat ek al in bytsje is en it foaral wurde moat.

Bloeisônen
De Provinsje Fryslân fynt dat ek en hat foar de kommende trije jier sels jild útlutsen om dy ûntwikkeling foarút te helpen. Yn Fryslân hjit dat de Bloeisône Fryslân.

Yn dizze rubryk haw ik dêr ferline jier al in stik oer skreaun en dat levere in protte reaksjes op. Foaral út Grou, Jirnsum en Akkrum. Allegearre mei deselde strekking: wy wolle graach sa’n bloeisône wêze!

Yn Akkrum waard koartlyn troch de Doarpskeamer in jûn oer dat fenomeen organisearre. Hoe kin, yn dit gefal Akkrum, stappen sette om sa’n bloeisône te wurden? De stimming wie dúdlik: ja, dat wolle wy. De wyks dêrfoar wie der ek al sa’n jûn yn Ljouwert. Dêr wiene ek in tal doarpen, Grou ûnder oare, dy’t sa’n bloeisôneûntwikkeling graach op gong bringe soene.

Arcadia: fan 7 maaie ôf 100 dagen beweging yn Fryslân
Tafal of net: yn 2022 wurdt it ferfolch fan Kulturele Haadstâd ynset, mei as grutte winsk alve doarpen dy’t yn de simmer fan 2022 al in foarbyld foar Fryslân wêze wolle. In foarbyld als bluesônedoarp. Dêr is gjin blaudruk foar! Dêr komt de kreativiteit fan it doarp sels foar oan te pas. Dy sit, sa’t wy Friezen witte, net fier ûnder it oerflak.

Wêr giet it oer?
Bakkefean is al trije jier in hurd groeiend foarbyld. Jon Brouwers is dêr de húsdokter en dy starte dizze sniebal. Yn Bakkefean dogge no in pear hûndert minsken mei en yn de dokterspraktyk wurdt it hieltyd rêstiger mei it útdielen fan medisinen. It Bakkefeanster programma siket it yn: iten, beweging, sinjaan, sliep, ûntspanning, sosjale omgong en libbensomjouwing. Sjoch mar ris op Bloeisône Bakkefean.

Yn desimber wurdt bekend makke hoe’t it programma fan Arcadia derút sjocht. Akkrum wol meidwaan, dat is al dúdlik. Bakkefean grif ek en Heech en Garyp ek en wa wit Grou, Jirnsum? Grif.

Wa’t mear ynformaasje hawwe wol mei him by my melde: bouwe@freonen.nl

Dit is nûmer 58 yn de rige Fryslân – Skjinnerlân
Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân – Skjinnerlân.

Mear ynformaasje is te finen troch ûndersteande keppelingen oan te klikken.

In ‘Blue Zone’ yn de Fryske bosk | It Nijs
Ynfloed bloeisônen Fryslân troch koroana ekstra wichtich | It Nijs
Bloeisônen yn Fryslân kinne útsprute en groeie | It Nijs
Bouwe de Boer: Fryslân – Skjinnerlân 33 | It Nijs

 

 

novimber 13, 2021 10:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.