Boekpresintaasje ‘Onder Frieslands grauwe hemel’: 12 novimber yn Foudgum

novimber 8, 2021 09:31

Op freed 12 novimber is yn de Mariatsjerke fan Foudgum de boekpresintaasje fan Onder Frieslands grauwe hemel troch Johannes Keekstra. It boek giet oer de Fryske woartels en de drôve Foudgumer amtsperioade fan dûmny François HaverSchmidt, dy’t bekend waard as de swartgallige humordichter Piet Paaltjens. It earste eksimplaar giet nei in bysûndere lêzer.

Johannes Keekstra (foto: ©Siem Akkerman)

Earste eksimplaren
Yn de Mariatsjerke fan Foudgum, gemeente Noardeast-Fryslân, is no freed in fariearre programma mei muzyk en fraachpetearen. Utjouwerij Wijdemeer is ek oanwêzich en it boek is fuortdaliks te keap. Under oaren boargemaster Johannes Kramer en dominy Anne Elverdink krije de earste eksimplaren útrikt. De alderearste lêzer makket him dan ek bekend en reagearret op it boek. Nei de presintaasje is it boek yn de (online) boekhannel te finen.

De ryk yllustrearre publikaasje giet oer ferline, no en takomst fan de regio en beskriuwt de Fryske kanten fan HaverSchmidt, de bekendste dichter-dominy fan Nederlân. It is sintrearre om Mijn eerste gemeente hinne, in net altyd positive mar faak komyske foardracht, dy’t de yllustere predikant skreau oer syn perioade (om 1860 hinne) yn it gehucht.

Boarne: Utjouwerij Wijdemeer

Presintearje en sinjearje
Boargemaster Kramer reagearret op it kommentaar fan de njoggentjinde-iuwske predikant op it lânskip, de kultuer en de befolking fan de regio. Ds. Elverdink is HaverSchmidts fiere opfolger yn Foudgum-Raard: is er it mei syn foargonger iens oer de al te ortodokske tsjerkegongers yn de gemeente? Skriuwer Johannes Keekstra en útjouwer Louw Dijkstra jouwe útlis oer it projekt, ynhâld en proses. Fansels sil de auteur nei ôfrûn sinjearje, en mei it eigen Grauwe Himel-wytbier op de útjefte proaste.

Tuskentroch is der in foarpriuwke fan de lokaasjefoarstelling Grauwe Hemel, dy’t yn maaie 2022 yn en om deselde tsjerke opfierd wurdt. Muzyk is der freed fan ‘oerpunker, drûchkloat en poëet’ Jankobus Seunnenga, ûnder mear bekend fan de band Pigmeat en earder gemeentedichter fan Noardeast-Fryslân. Hy skreau ferskes op Paaltjens’ gedichten. Freed sil er se hearre litte.

Wolkom
It programma begjint om 14.00 oere. Nigethawwers binne wolkom by de presintaasje yn de lytse tsjerke, dêr’t HaverSchmidt/Paaltjens 160 jier lyn mei de siel ûnder de earm rûn en de tiid al dichtsjend en skriuwend ferdreau. De romte is beheind: op tiid komme wurdt oanret.

Dokkum en Tytsjerk
Wa’t der freed net by wêze kin, hat gau in tal nije kânsen: Keekstra presintearret syn boek op koarte termyn yn Dokkum en yn Tytsjerk. Op sneon 20 novimber is der in lêzing mei drankje en boekferkeap yn de Biblioteek fan Dokkum. Freed 26 novimber spekt de auteur op de Ferhalejûn yn de tsjerke fan syn wenplak Tytsjerk oer it boek en it totaalprojekt Grauwe Himel. Dan is de útjefte ek te keap.

Mear ynformaasje en bestelle fia www.grauwehemel.frl.

novimber 8, 2021 09:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.