Boek oer Tsjêbbe Hettinga
Resint ferskynd
Fan ’e wike is by Bornmeer it boek Loft en lân – Gesprekken over Tsjêbbe Hettinga ferskynd.
Jierren nei syn ferstjerren fassinearje Tsjêbbe Hettinga en syn foardracht minsken noch hieltyd. In bard dy’t min seach, mei lange epyske gedichten en mearke-eftige optredens. David Van Reybrouck skreau nei syn ferstjerren yn syn In memoriam: “De klaai wie him like dierber as de albatros.”
Wa wie dy dichter? Yn Loft en lân wurdt besocht om dy fraach te beäntwurdzjen. Yn fraachpetearen mei de auteur Jesse van Amelsvoort fertelle freonen, famylje en kollega’s oer harren freonskip en gearwurking mei Tsjêbbe Hettinga.
Jesse van Amelsvoort wie as promovendus oan de Ryksuniversiteit Grins/Kampus Fryslân ferbûn en wurket as dosint moderne Europeeske letterkunde oan de Universiteit fan Amsterdam.
Op tongersdei 18 novimber ferdigenet Jesse syn proefskift A Europe of Connections. Post-National Worlds in Comtemporary Minority Literature.
ISBN 978 90 5615 859 0 | paperback | 128 pagina’s | € 14,90
Loft en lân is te keap by de boekhannel en fia www.bornmeer.nl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje