Boek oer Amerikaanske pleatsen yn Fryslân

novimber 3, 2021 09:15

Ferline wike is by útjouwerij Noordboek it boek Amerikaanse boerderijen in Fryslân ferskynd. De measte minsken tinke by Fryske pleatsen oan de trije tradisjonele modellen: de kop-hals-romp-, de kop-romp- en de stjelppleatsen. Folle minder bekend binne de nije types pleatsen, lykas de Amerikaanske modellen, dy’t yn ’e earste helte fan de tweintichste iuw foar it earst yn Fryslân ferskynden.

Boarne: Noordboek

De yntroduksje fan it Amerikaanske pleatsmodel past goed by it foarútstribjende karakter fan boeren en lâneigners dy’t op syk wiene nei modernisearring fan harren agraryske bedriuwen. Troch de ymport fan Amerikaanske boutechniken en materialen fia de Amerikaanske produsint Louden waarden de Amerikaanske modellen in grut sukses. Yn Amerikaanse boerderijen in Fryslân wurde dy opmerklike pleatsen foar it earst yn boekfoarm ûnder it omtinken brocht.

De skriuwers Hans de Haan en Jacob H.P. van der Vaart binne ferbûn oan de Boerderijenstichting Fryslân en diene tegearre de ôfrûne fiif jier ûndersyk nei de modernisearring fan de lânbou yn Fryslân yn ’e earste helte fan de tweintichste iuw.

ISBN 978 90 5615 823 1 | paperback | 152 pagina’s | € 22,50        

 Amerikaanse boerderijen in Fryslân is te keap by de boekhannel en fia www.noordboek.nl.

novimber 3, 2021 09:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.