Bedriuw tsjin it Frysk? Of tsjin Swarte Pyt? Zwartepiet.eu wol krityske klant stypje

novimber 5, 2021 16:11
It webstee fan zwartepiet.eu

Wolle jo jo bakje patat helje by in bedriuw dat de Fryske taal heech hat? Of wolle jo krekt dat de euro’s foar jo sûkelarjeletter net nei in bedriuw geane dat Swarte Pyt it lân út hawwe wol? Dan kinne jo tenei teplak by it Amsterdamske bedriuw zwartepiet.eu, dat ek yn it Frysk advertearret. Dat wol in databank meitsje fan bedriuwen dy’t tradisjonele talen en brûkmen stypje. It webstee is fjouwertalich: Frysk, Nederlânsk, Ingelsk en Ongersk.

Op syn webstee skriuwt zwartepiet.eu: “It bedriuw zwartepiet.eu hat jierrenlange ûnderfining yn it oanbieden fan tsjinsten foar autonome minderheden yn ‘e Europeeske Uny en komt op foar in ynklusive en ôfwikseljende Europeeske konsumintemerk.” Neffens it bedriuw wurdt Swarte Pyt lykas de Fryske taal ûnder druk set, sûnder dat minsken dêr wat oan dwaan kinne. Net lytse aksjegroepen soene lykwols beskiede moatte oft Swarte Pyt ferdwynt, sa is it bedriuw fan betinken, mar alle klanten mei-inoar.

Zwartepiet.eu nimt it biermerk Heineken as analogy. Dat hat in grutte reade stjer as logo. As minsken gjin Heineken-bier keapje wolle om’t dat logo harren it kommunisme yn ‘t sin bringt, dan kinne hja in oar merk keapje. Sa soe it mei Swarte Pyt en de Fryske taal ek moatte, is zwartepiet.eu fan betinken.

Dat zwartepiet.eu de namme fan Swarte Pyt oannommen hat, ferantwurdet it bedriuw yn syn parseberjocht sa: “Hy is bûtengewoan yntelligint, omdat er wit wat eltsenien hawwe wol en omdat er meartalich is. Hy is dêrom it symboal fan karfrijens.”

It webstee fan zwartepiet.eu is noch net klear, mar it kin hjir alfêst besjoen wurde: https://zwartepiet.eu/

novimber 5, 2021 16:11
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Cor Jousma novimber 6, 10:51

    Ut it Frysktalige parseberjocht sitearje ik:

    [As in sinjifikant part fan de Europeeske konsuminten hechtet oan in tradisjoneel kristlik sinteklaasfeest sûnder sensuer op de pan-Europeeske feint fan Sinteklaas,]

    Neffens my stiet yn dat sitaat ien wurd tefolle. As wy ús yn ‘e histoarje ferdjipje, liket it my no krekt net in erkend “kristlik” feest ta. Wol hat de tsjerke dêr fansels yn ‘e iuwen foar ús mei om pankoeke.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.