Astronauten sitte by lâning sûnder húske
Resint ferskynd
De fjouwer astronauten dy’t ein april mei in raket fan SpaceX nei it ynternasjonale romtestasjon ISS giene, binne wer werom op ierde. Efkes nei 04.30 oere Nederlânske tiid lâne harren kapsule yn de Golf fan Meksiko yn kalm wetter deunby de Amerikaanske steat Floarida.
De weromreis fan it fjouwertal waard in dei útsteld fanwege min waar. Fierder wurke yn de acht oeren duorjende weromreis it húske yn ’e kapsule net, en dêrtroch moast de bemanning ruften drage. De bemanningsleden – twa Amerikanen, in Japanner en in Frânsman – hawwe 200 dagen yn it ISS trochbrocht. Hja wurken op harren missy oan de sinnepanielen fan it stasjon en fierden allerhanne eksperiminten út, dêr’t se ûnder mear silypipers by ferbouden en wjirmen by bestudearren.
Harren fjouwer ferfangers sette nei alle gedachten moarntejûn nei it ISS ôf. Eins moasten se foar de weromreis fan de oare astronauten al nei it romtestasjon ôfreizgje, mar romtefeartorganisaasje NASA smiet de plenning om fanwege minne waarsomstannichheden en in ûnbekende medyske kwestje by ien fan de astronauten.
Hja wurde lansearre fan romtebasis Cape Canaveral yn Floarida en sille neffens de planning in healjier yn it romtestasjon tahâlde.
Besjoch in film fan NASA fan de lâning:
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje