Artistyk lieder Fredau Buwalda nimt ôfskie fan it Noardlik Filmfestival
Resint ferskynd
Fredau Buwalda, artistyk lieder fan it Noardlik Filmfestival, hat besletten ôfskie fan it festival te nimmen. Hja wurdt yn jannewaris 2022 dosint keunst- en kultuermanagement by NHL Stenden.

Fredau Buwalda (foto: Marc Henri Queré)
Frou Buwalda is sûnt 2010 oan Film yn Fryslân ferbûn, earst as filmprogrammeur fan doe noch Filmhûs Ljouwert en letter ek as assistint by de programmearring fan it Noardlik Filmfestival. Fan 2014 ôf waard se folslein ferantwurdlik foar de programmearring en ûntwikkele se har ta in besiele artistyk lieder. Under har lieding waard de Noardske blik fan it Noardlik Filmfestival útboud ta in echte fokus. Hja boude in grut ynternasjonaal noardlik netwurk op en hie tagelyk in skerp en stimulearjend each foar filmmakkers yn of út de eigen regio: Fryslân, Grinslân en Drinte. Hja wie in entûsjast oanjeier fan nije inisjativen as de Filmkick Kompetysje, Noarderkroan en resint EcoCinema.
It lêste Noardlik Filmfestival ûnder har lieding waard dizze moanne yn oanpaste foarm holden. Frou Buwalda’s stimpel drukte lykwols as fanâlds op it filmprogramma, de foarmjouwing en de sfear. De organisaasje is har in protte tank ferskuldige foar de ynhâldlike ûntjouwing fan it filmfestival.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje