Arcadia, it Frysk de bosk ynstjoerd

novimber 4, 2021 19:29

Foto: Thomas Eakins Arcadia Metropolitan Museum of Art

“Wat is dyn paradys? Dyn dreammaatskippij? Yn Arcadia sykje wy mei (ynternasjonale) keunstners om it antwurd. Hûndert dagen lang litte kreative tinkers en tûke dwaners sjen hoe’t de wrâld draait mei ynstallaasjes, tentoanstellingen, petearen en optredens.”

Pier Bergsma

Sa begjint de iepeningsside fan it nije kulturele projekt Arcadia, dat takomme jier fan 7 maaie oant 14 augustus yn Fryslân holden wurdt. It is in fuortsetting fan Ljouwert 2018–2028. Hûndert dagen in programma mei wiswier nijsgjirrige keunstmanifestaasjes. Sa sille yn it projekt ‘Bosk’ 1500 beammen troch Ljouwert kuierje en yn ‘Paradys’ wurde der yn Oranjewâld tentoanstellingen hâlden om it parklânskip hinne.

De side fan Arcadia komt noch mei dit oer de keunstners dy’t meiwurkje: “Se lizze âlde tradysjes bleat en komme mei in nije fyzje op ‘e takomst. Se stimulearje ús om goede foarâlden te wurden. Hoe jouwe wy in better Fryslân en Europa troch oan de generaasjes nei ús?”

De lêzers sille har ôffreegje wêrom’t dy aparte kop boppe dit artikel stiet. Dêr haw ik foar keazen omdat yn it hiele projekt 12 wurden Frysk steane. Fansels wurdt der referearre oan “Fryslân, it bêste lân fan d’ ierde (7 wurden). Dan de projekten ‘Bosk’, ‘Paradys’ en ‘IIs’ (3 wurden). Ik kaam noch ‘Under wetter’ tsjin, en ‘Mienskip’ koe net ûntbrekke (2 wurden). Rjochts boppe is de Ingelske ferzje fan Arcadia te iepenjen. Dat seit himsels, want Ingelsk mei en kin yn sa’n projekt net ûntbrekke.

De provinsje set wol de skoallen it mes op ’e kiel…

Tongersdeitemoarn 28 oktober hie it deistich bestjoer fan de Ried fan de Fryske Beweging oerlis mei ús tige kommunikative taalskipper en deputearre Sietske Poepjes. Der hawwe wy ús ferwûndering útsprutsen oer it ûntbrekken fan de Fryske taal yn de berjochtjouwing oer dit projekt.

De provinsje set wol de skoallen it mes op ‘e kiel om it Frysk te brûken, mar ferhipt it om it sels brûke te litten op plakken dêr’t it foar de hân leit. As de provinsje der as subsydzjejouwer mei ynstimt dat it projekt ús stimulearret om “goede foarâlden” te wurden en “in better Fryslân” troch te jaan, dan mei dyselde provinsje net gewurde litte dat dêr de Fryske taal yn ûntbrekt. It is net de earste kear dat de provinsje tekoartsjit. By Ljouwert 2018 wie de ynformaasjekrante dy’t provinsjebreed ferspraat waard ek allinne beskikber yn de oare taal dy’t hjir foar master opslacht. It Arcadia foar it Frysk is noch fier fuort. Spitich.

novimber 4, 2021 19:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.