15e edysje ‘Jou in bern in boek’ yn Noardeast-Fryslân
Resint ferskynd
Jierliks krije alle bern fan groep 5 yn gemeente Noardeast-Fryslân in Frysk boek kado fan harren gemeente en de Biblioteek Noard Fryslân. Dit jier is it de 15e edysje fan Jou in bern in boek. Op 5 novimber rikte wethâlder Fedde Breeuwsma it earste boek út yn Hallum.
Al 15 jier omtinken foar Frysk lêzen en skriuwen
Dit jier krije alle bern fan groep 5 (sa’n 530) it boek Hero kado. It boek is skreaun troch Martha Attema en útjûn troch de Afûk. It boek is twatalich: Frysk en Ingelsk. Wethâlder Fedde Breeuwsma oerhandige it earste eksimplaar oan de haadpersoanen fan it boek, Izaak en Gabe. Sy kamen oan op in Frysk hynder. Breeuwsma: “Ik fyn it belangryk dat bern net allinnich yn harren memmetaal prate mar ek gauris lêze en skriuwe. Ik fyn it hiel moai dat wy dêr al fyftjin jier in bydrage oan leverje.”
Feestlike start 15e edysje
Sa’n 90 bern út groep 5 fan de basisskoallen út it eardere Ferwerderadiel ha in feestlike moarn hân yn Hallum mei in nijsgjirrich programma dêr’t it boek sintraal yn stie. De bern koene fia it byldskerm prate mei de skriuwster fan it boek, Martha Attema. Dy wennet yn Kanada en kaam der spesjaal midden yn ‘e nacht foar fan it bêd ôf. Willem Sonnema fan it Keninklik Frysk Hynstestamboek fertelde oer it bysûndere fan Fryske hynders. Oersetter Martsje de Jong lei oan de bern út hoe’t se it boek Hero út it Ingelsk yn it Frysk oerset hat. Alle bern giene mei it boek ûnder de earm wer nei hûs ta.
De kommende wiken geane de lêskonsulinten fan de Biblioteek Noard Fryslân by alle skoallen yn gemeente Noardeast-Fryslân del mei de boeken foar groep 5. Der is in lesbrief ûntwikkele mei ekstra ynformaasje en opdrachten.
Oer Jou in bern in boek
It projekt Jou in bern in boek is fyftjin jier lyn begûn yn de gemeente Ferwerderadiel. It is ûnderdiel fan in aktyf Frysk taalbelied. Nei de weryndieling giet de gemeente Noardeast-Fryslân mei it projekt troch. De wurkgroep bestiet op dit stuit út Joke Scheffer (learkrêft), Jan Jarig van der Tol (riedslid), Christina Walda (learkrêft), Sietske Hannema (lêskonsulint BNF), Aukje Dijkstra (beliedsamtner Frysk) en Annet Koopmans (kommunikaasje adviseur Frysk Taalbelied).
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje