Yn ’e Haske hinget in baarch yn ’e beam

oktober 9, 2021 07:32

Folksferhaal

Andrys Obbes hie in slachte baarch yn ’e beam hingjen. Doe rieden dêr lju yn in tildury lâns en dy begûnen te jongen fan ‘Yn ’e Haske hinget in baarch yn ’e beam’. Doe mienden de lju dat it bekende sankje dêr ôfkomstich fan wie, mar it is al folle âlder. It is ûntstien yn de earmoedige ferfeanterstiid yn ’e Haske.

Sjoch, as in boer in baarch slachte, hong er him oan in ljedder, mar yn ’e platte turfmakkershuzen wiene se gjin ljedder ryk. Dat as se in baarch slachten, moasten se him wol yn ’e beam hingje. Dêr hiene de buordoarpen de gek mei en se makken dêr dat ferske op, ek mei om’t it mar selden foarkaam dat dêr in baarch slachte waard.

Us heit en ik hiene it ek wol as wy by lju in baarch slachten en dy hiene in wrakke ljedder, dat wy de baarch salang yn ’e beam hongen dat er útdript wie. Dan waard er neitiid wer oppakt en yn ’e hûs brocht. Men koe in baarch wol oan in sterke tûke hingje. Der waard dan út ’e gek ek wolris songen fan ‘Yn ’e Haule hinget in baarch yn ’e beam’, mar dat is net hingjen bleaun en algemien bekend wurden lykas dat fan ’e Haske.

Ype Poortinga

Redaksje:
It lietsje waard (wurdt?) songen op de wize fan ‘En van je hela hola, houd er de moed maar in’. Neidat de baarch fan ’e Haske besongen wie, koene dêr alderhande farianten op folgje:

En yn Deinum stiet in sipel op ’e toer
En yn Boalsert stiet in oaljekoekekream
En yn Dokkum stiet in taaiman rjocht oer ein
En yn Oerterp ha se in kealtsje strûpt
En yn Weinterp ha se in ein fersûpt
En yn ’e Himrik ha se in kealtsje strûpt
En yn Ketlik binn’ de sânrapen gear
Yn Mildam dêr stean de blêdeklauwers klear
En op ’e Jouwer sit in keallepoat op ’t dak
En yn ’e Knipe leit in faam yn ’e feart
En yn ’e Knipe fytst een kikkert op’e fyts
Yn de Wâlden ha se in knyntsje strûpt
En yn Akkrum siet in skythûs op ’e wâl
En yn Warkum stiet in taaiman op ’e dyk

en gean sa mar troch…

tilbury = twapersoans reau op twa tsjillen mei ien hynder derfoar
De Haule = Ouwsterhaule (DFM)
Dit ferhaal is, mei skriftlike tastimming fan de erfgenamten fan de skriuwer, oernommen út Ype Poortinga, De held en de draek, folksferhalen fan Roel Piters de Jong. Dat mânske boek waard – ûnder auspysjes fan de Fryske Akademy (nr. 537) – yn 1978 útjûn troch Bosch & Keuning nv, Baarn en De Tille bv, Ljouwert. It is it tredde diel fan de rige Fryske Folksferhalen dêr’t de skriuwer Ype Poortinga (1910-1985) ferhalen yn neifertelde dy’t er ‘yn it fjild’ opfongen hie.
Ien fan syn fertellers wie Roel Piters de Jong, berne yn 1905 te Ousternijegea, in man mei in ôfgryslik goed ûnthâld, dêr’t Poortinga 154 ferhalen fan yn De held en de draek opskreaun hat.

 

oktober 9, 2021 07:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.