Wytzes striid (ferhaal)

oktober 23, 2021 07:00

Wytze Verf wie hielendal fan ’t sintrum. De foarige jûn wie yn in ekstra ynlaske gemeentegearkomste bekend makke dat de Reinbôgetsjerke oan ’e Stasjonswei ôfstjitten en ferkocht wurde soe. Om no te sizzen dat it berjocht as in tongerslach by kleare himel kaam giet te fier, mar dochs miste de meidieling syn útwurking net. Fansels, elkenien seach wol dat it tal tsjerkegongers alle jierren wer mear tebekrûn, en finansjeel moasten de eintsjes oaninoar knope wurde, mar dochs foel it mannichien as kâld wetter op ’e lea. Seis jier lyn wie de kreake al sletten en hie Wytze syn plakje neist it oargel mei lijen ôfstean moatten en no folge dizze maatregel. En as dat noch net slim genôch wie, waard op dyselde jûn ek meidield dat sadree’t de tsjerke sletten wurde soe, de tsjerkegongers tenei sneins ûnderdak sykje moasten yn de Grutte Tsjerke oan it Piipspaad.

Wytze stegere. Doe’t er dy jûns thúskaam hie Martsje oan it kabaal dêr’t er de foardoar mei tichtsloech al merkbiten dat de see oer it lân komme soe. “As se mar net miene dat ik ek mar ien foet oer de drompel fan de Grutte Tsjerke set”, sa wie Wytze útein set. Martsje hie him útraze litten. De oare deis, middeis ûnder it waarm iten, begûn se foarsichtich wêr’t se har de foarige jûn mar wyslik stil holden hie. “Eh jonge, it binne dochs mar deade bakstiennen”, sette se útein. Wytze snúfde in kear en skode der in foarke bamy yn. Se joech net op. “Gods wurd kin sels by Westra yn ’e loopstâl wol ferkundige wurde”, liet se der filosofysk op folgje. Wytze reagearre net. De bamy gie foar. Doe’t er de panne leech hie, skode er de stoel efterút en gie derfoar sitten.

“Us paken en beppen fan wjerskanten hawwe harren lêste stuorkes en dûbeltsjes fansiden lein om nei de Ofskieding hjir yn Slappedaam in eigen tsjerke te stichtsjen en dan soene wy dat krewearjen en opofferjen ús by de earste de bêste simmertwirre út ’e hannen slaan litte? En kinne wy as simpele sielen ús samar ûntwoarstelje oan it wurd fan God, EBEN-HAËZER, boppe de yngong fan de tsjerke, de stien fan help dy’t ús as in fingerwizing seit: ‘Oant hjir hat de Heare ús holpen’?”

Martsje joech it noch net op. Noch lang net. “En as wy noris dy stien boppe de doar fan de Grutte Tsjerke mitselje. Kin dat dan net in oanwizing wêze dat syn help fierder rikt as de yngong fan de Reinbôgetsjerke?” Wytze wie der efkes mei oan. Sa’n ienfâldige foarstelling fan saken kringt daliks net de hurde kop fan in Verf yn. Hy gie derút. Martsje seach him de fyts út ’e garaazje riden en de kant fan de buorren út fytsen. It wie al let op ’e neimiddei doe’t er weromkaam. “Wêr hast west?”, frege Martsje. “Ik bin efkes by Sjoerd oanwipt om te hearren hoe’t dy der foaroer stiet”, sei Wytze. Sjoerd is de âldste soan fan harren en oan syn oardiel jout Wytze fakentiids noch wol wat wearde. “En? Bist wat wizer wurden?”, frege Martsje nijsgjirrich. Se moast him nochal wat oantrúnje om him oan ’e praat te krijen. “Sjoerd sei itselde as do”, begûn Wytze út syn skulp te krûpen. “Hy hat my wol oan it tinken set”, gie er fierder, “hy sei dat it folk Israel fjirtich jier yn ’e woestyn omdoarme hie mei allinne in suterige tinte as tsjerke. Dat hie alhielendal behelpen west. Eins sit dêr wol in grutte kearn fan wierheid yn.”

Martsje fernaam wol dat Wytze syn opsternatens oerdreaun west hie. By ûnderfining wist se dat sokke gefoelige saken by har man altiten efkes yn ’e weak stean moasten. Nei in skoftke ebbe de grutste alteraasje al wer fuort.

Doe’t it oan de ferhuzing ta wie, waard Wytze frege om de stien mei de bibeltekst boppe de yngong fan de Grutte Tsjerke te mitseljen. En hy bea sels oan om Klaas Homsma, dy’t yn syn frije tiid it ûnderhâld fan it tsjerkhôf die, te helpen. Klaas waard âlder en koe wol wat assistinsje brûke. It oanbod fan Wytze waard tankber oannommen.

Mids maaie waard de lêste tsjinst yn ’e Reinbôgetsjerke holden. De sneins dêrop fottele Martsje, mei Wytze yn ’t kylwetter, nei de Grutte Tsjerke. Foar’t se de hege treppen opstige soene pakte Martsje Wytze by de earm. Se wiisde nei de stien boppe de doar, EBEN-HAËZER. “Oant hjir hat de Heare ús holpen”, sei se lûdop. “En noch folle fierder”, sei se der tefreden efteroan.

Inne Bilker

oktober 23, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.