Waarpraatsje: Woansdei net hielendal drûch

oktober 12, 2021 17:55

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Oan it begjin fan tiisdei wie it noch in wiete boel, mar geandewei knapte it waar wat op. It wie wol fris.

Yn ‘e nacht nei woansdei ta wikselje bewolking en opklearringen inoar ôf. Der soe noch in bui(ke) falle kinne en letter is op guon plakken wat damp ek net hielendal útsletten. Boppe it fêstelân stiet in swakke weste- oant noardwestewyn en by de kust lâns in matige noarde- oant noardwestewyn. De temperatuer leit tusken de 5 en 9 graden.

Woansdei skynt de sinne sa út en troch, mar in strieljende dei wurdt it wis net. Der is ek noch kâns op in bui(ke), mar it bliuwt it grutste part fan ’e dei drûch. By in matige noardwestewyn wurdt it 13 graden.

Tongersdei sil in skiere dei wurde.

Jan Brinksma

oktober 12, 2021 17:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.