Waarpraatsje: Twa hjerstige dagen

oktober 4, 2021 17:52

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in kreaze mar wol rûzige moandei krije wy no wer twa hjerstige dagen.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei is it helder. De súdeastewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar stiet wat mear wyn. It wurdt 10 graden.

Tiisdei skynt de sinne earst noch wol, mar letter rekket de loft berûn en yn ‘e middei reint it in skoft. Nei it gebiet mei rein falle der ek noch in pear buien. De matige, by de kust lâns frij krêftige súdeastewyn rommet yn ‘e middei nei it suden oant súdwesten. It wurdt in graad as 15.

Woansdei falle der buien, mar fan tongersdei ôf knapt it waar op.

Jan Brinksma

oktober 4, 2021 17:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.