Waarpraatsje: Tiisdei wer wat sinne

oktober 25, 2021 19:03

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It ferskil koe hast net grutter, in strieljende snein en in skiere en suterige moandei. Fan tiisdei ôf knapt it waar wer wat op.

Yn ‘e nacht nei tiisdei ta wikselje bewolking en in pear opklearringen inoar ôf. Der kinne in pear buien falle, by de kust lâns miskien wol mei tonger. By in matige sude- oant súdwestewyn wurdt it 8 graden.

Tiisdei kin der noch in buike falle en it is, nei alle gedachten, it grutste part fan ‘e dei oan ’e skiere kant, mar sa út en troch sil de sinne ek skine. De wyn komt út it súdwesten en is matich, by de kust lâns frij krêftich. It wurdt 13 graden.

Woansdei, tongersdei en freed is it drûch en oan de mylde kant.

Jan Brinksma

oktober 25, 2021 19:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.