Waarpraatsje: Tige rêstich hjerstwaar

oktober 8, 2021 18:01

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in dampich begjin waard it freed in strieljende hjerstdei. Wy krije ek in hiel kreas wykein, mar wol mei in grutte kâns op damp.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon kin it rûnom yn Fryslân wer (tige) dampich wurde. De wyn komt út it easten oant noardeasten en is swak oant matich. De temperatuer leit tusken de 4 en 8 graden.

Sneon kin it yn ‘e moarntiid noch (lang) dampich wêze, mar geandewei komt de sinne der, nei alle gedachten, goed by. By in matige eastewyn wurdt it 14 graden.

Sneontejûn en yn ‘e nacht nei snein wurdt it wer dizenich of dampich en snein is der minder sinne as sneon. By in swakke oant matige noardwestewyn wurdt it wer 14 graden.

Takomme wike wurdt it wat ritiger, mar striemin sil it wis noch net wurde.

Warskôging:
It hiele wykein kinne dielnimmers oan it ferkear lêst hawwe fan (swiere) damp.

Jan Brinksma

oktober 8, 2021 18:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.