Waarpraatsje: Tige myld

oktober 18, 2021 20:02

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie moandei in skiere mar drûge hjerstdei. Fan tiisdei ôf is it in pear dagen tige myld.

Moandeitejûn en yn ‘e nacht nei tiisdei ta rekket de loft hielendal berûn en letter reint it sa út en troch. De wyn komt út it suden oant súdwesten en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar matich oant frij krêftich. Mei 11 graden wurdt it in mylde nacht.

Tiisdei is it skier en yn ‘e moarntiid soe it noch wat (sto)reine kinne, mar letter op ‘e dei wurdt it drûch. De sudwestewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. De temperatuer leit om de 17 graden hinne.

Woansdei is it ek noch hiel myld, mar de wyn boazet dan flink oan.

Jan Brinksma

oktober 18, 2021 20:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.