Waarpraatsje: Skier

oktober 13, 2021 20:03

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie woansdei gewoan hjerstwaar, waar dat by de tiid fan it jier heart. Dat bliuwt tongersdei en freed ek sa.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei is de loft berûn en it sil sa út en troch wat (sto)reine. De wyn komt út it súdwesten oant westen en is swak oant matich, by de kust lâns matich oant frij krêftich. It wurdt in graad as 11.

Tongersdei is it oan de skiere kant en yn ‘e moarntiid soe it noch wat (sto)reine kinne. De weste- oant súdwestewyn wurdt matich, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. Op de measte plakken sil it 14 graden wurde.

Freed feroaret der net in soad.

Jan Brinksma

oktober 13, 2021 20:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.