Waarpraatsje: Rûzich

oktober 19, 2021 17:45 Fernijd

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tiisdei in tige mylde mar ek skiere dei en yn ‘e middei hat it in skoft storeind. Letter klearre it wat op. Woansdei is it ek noch myld, mar der stiet in soad wyn.

Yn ‘e nacht nei woansdei ta is it helder en drûch, mar tsjin ‘e moarntiid rekket de loft stadichoan berûn. De súdwestewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. Mei in graad as 14 is it tige myld.

Woansdei is it earst drûch en sinne en bewolking wikselje inoar ôf. Yn ‘e middei falle der in pear buien, miskien wol mei tonger. De wyn komt út it súdwesten en is matich oant frij krêftich. By de kust lâns stiet in krêftige oant hurde wyn. De temperatuer leit om de 16 graden hinne.

Fan tongersdei ôf wurdt it in stik kâlder.

oktober 19, 2021 17:45 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.