Waarpraatsje: Rûch

oktober 20, 2021 19:18

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in rûzige woansdei en tongersdei is it ek noch rûch.

Yn ‘e nacht nei tongersdei ta is de loft berûn en it kin in skoft flink reine. Sels tonger is net útsletten. De súdwestewyn boazet noch wat fierder oan en wurdt frij krêftich oant krêftich, mar boppe de Iselmar en by de kust lâns stiet noch mear wyn. Der binne rûnom ek swiere wynpûsten. It wurdt 10 graden.

Tongersdei wurdt it stadichoan drûger en yn ‘e middei wikselje bewolking en sinne inoar ôf, mar der falle wol buien. De wyn rommet yn ‘e moarntiid nei it westen oant noardwesten en is matich oant frij krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar hurd mei kâns op swiere wynpûsten. Mei 11 graden is it in stik frisser as de lêste pear dagen.

Freed is it ek noch rûzig mar yn it wykein wurdt it in stik rêstiger.

Jan Brinksma

oktober 20, 2021 19:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.