Waarpraatsje: Rêstich neisimmerwaar

oktober 6, 2021 18:57

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It waar foel woansdei yn Fryslân hûndert parten ta. Wylst it yn in grut part fan Nederlân (strie)min wie mei op guon plakken in soad rein, hie ús provinsje in soad sinne en, sa goed as, drûch waar. Sa bliuwt it ek in pear dagen.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei binne der, nei alle gedachten, flinke opklearringen. Der soe ek damp ûntstean kinne. By in swakke wyn út ferskillende rjochtingen leit de temperatuer tusken de 6 en 10 graden.

Tongersdei kin it earst skier of dampich wêze, mar geandewei sil de sinne sa út en troch ek skine. By in swakke, by de kust lâns en boppe de Iselmar miskien matige, súdeastewyn wurdt it 15 graden.

Freed en yn it wykein is noflik waar mei mear sinne. It bliuwt drûch.

Jan Brinksma

oktober 6, 2021 18:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.