Waarpraatsje: Rêstich en drûch wykein

oktober 22, 2021 19:24

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in pear dagen mei fûle buien dêr’t it yn eaze en in soad wyn, krije wy in rêstich en drûch wykein.

Yn ‘e nacht nei sneon ta wikselje bewolking en opklearringen inoar ôf en der kinne noch in pear buien falle. De wyn komt út it súdwesten en is swak, mar by de kust lâns stiet in matige oant frij krêftige noardwestewyn. It wurdt in graad as 8.

Sneon skynt de sinne, nei alle gedachten, geregeld, mar in strieljende dei wurdt it net. Boppedat is in bui(ke) is noch net hielendal útsletten. De swakke oant matige súdwestewyn krimpt yn ‘e rin fan ‘e dei nei it suden oant súdeasten. It wurdt 12 graden.

Snein sjocht it waar der noch wat better út. By in swakke oant matige sudewyn bliuwt it drûch, de sinne skynt geregeld en it wurdt in graad as 13.

Takomme wike nimt de kâns op delslach wer ta, mar it wurdt wol in stik mylder.

Jan Brinksma

oktober 22, 2021 19:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.