Waarpraatsje: Pear mylde mar rûzige dagen

oktober 17, 2021 17:45 Fernijd

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in, foar it grutste part, skier wykein krije wy no in pear tige mylde mar ek rûzige dagen.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei is de loft berûn en op guon plakken soe wat storein falle kinne. De wyn komt út it suden oant súdwesten en is swak, by de kust lâns en boppe de Iselmar matich. It wurdt in graad as 8.

Moandei skynt de sinne geregeld, mar der is wol hege bewolking. By in swakke oant matige sudewyn wurdt it 15 graden.

Tiisdei en woansdei wurdt it noch in stik mylder, mar it bliuwt net drûch en de wyn boazet flink oan.

Jan Brinksma

oktober 17, 2021 17:45 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.