Waarpraatsje: Net in soad sinne
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie in hiel wiete sneon, mar snein bleau it foar it grutste part fan ‘e dei drûch. Yn ‘e nije wike is it de measte dagen skier.
Yn ‘e nacht fan snein op moandei is de loft berûn en der kinne noch in pear buien falle, by de kust lâns miskien wol mei tonger. In opklearring is ek net hielendal útsletten. De súdwestewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich oant hurd. De temperatuer leit om de 8 graden hinne.
Moandei wikselje in pear opklearringen en bewolking inoar ôf. Der is ek kâns op in bui, by de kust lâns miskien wol mei tonger. De wyn komt út it súdwesten en is matich oant frij krêftich. By de kust lâns stiet in krêftige oant hurde wyn. It wurdt in graad as 12.
De oare dagen fan dizze wike feroaret der net folle.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje