Waarpraatsje: Net hiel dynamysk waar

oktober 14, 2021 17:45 Fernijd

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It is net min mar ek net neisimmersk. Takomme wike wurdt it in pear dagen flink mylder.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed is de loft berûn en (sto)reint it sa út en troch. De súdwestewyn is matich, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich. Mei 10 graden is it oan de mylde kant foar de tiid fan it jier.

Freed wurdt it yn Fryslân al gau drûch en letter sjogge wy de sinne ek noch wol efkes. De wyn komt út it súdwesten en is matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. Tsjin ‘e jûn rommet de wyn nei it noarden oant noardwesten en jout er him wat del. It wurdt 14 graden.

Yn it wykein bliuwt it, sa goed as, drûch.

Jan Brinksma

oktober 14, 2021 17:45 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.