Waarpraatsje: Myld hjerstwaar

oktober 26, 2021 19:02

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tiisdei oan de skiere kant en it bleau yn Fryslân ek net oeral hielendal drûch. It bluwt foarearst oan de mylde kant foar de tiid fan it jier.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei is de loft berûn. De súdwestewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. It wurdt 11 graden.

Woansdei is it earst skier, mar geandewei wurdt de kâns op wat sinne stadichoan grutter. De wyn komt út it súdwesten en is matich, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar wer frij krêftich oant krêftich. De temperatuer leit om de 13 graden hinne.

Tongersdei en freed wurde twa kreaze hjerstdagen mei mear sinne en in noch wat hegere temperatuer.

Jan Brinksma

oktober 26, 2021 19:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.