Waarpraatsje: Moandei wer wat sinne

oktober 3, 2021 17:27

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in kreaze sneon hiene wy in folslein ferreinde snein. Moandei skynt de sinne wer geregeld.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei wikselje bewolking en opklearringen inoar ôf, mar in bui is net hielendal útsletten. De wyn komt út it suden oant súdwesten en is matich, by de kust lâns frij krêftich. It wurdt 10 graden.

Moandei skynt de sinne geregeld en it bliuwt op de measte plakken drûch. De sude- oant súdwestewyn is matich, by de kust lâns frij krêftich en yn it Waadgebiet krêftich. De temperatuer leit om de 14 graden hinne.

Tiisdei en woansdei bliuwt it net drûch.

Jan Brinksma

oktober 3, 2021 17:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.