Waarpraatsje: Moandei rein

oktober 24, 2021 19:36

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in skiere sneon wie it snein einepikewaar mei in soad sinne. Moandei krije wy (sto)rein.

Yn ‘e nacht nei moandei ta rekket de loft berûn, mar it bliuwt op de measte plakken noch drûch. De wyn komt út it suden en is matich, by de kust lâns matich oant frij krêftich. De temperatuer leit  tusken de 5 en 9 graden.

Moandei is it skier en it (sto)reint sa út en troch. By in matige sude- oant súdwestewyn wurdt it 12 graden.

De oare dagen fan dizze wike bliuwt it drûch, mar yn it wykein wurdt it ritiger.

Jan Brinksma

oktober 24, 2021 19:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.