Waarpraatsje: Minder stabyl

oktober 10, 2021 19:45

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in wykein mei waar om fan te genietsjen krije wy no wat minder stabyl waar, mar echt minne dagen wurde it net.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei is de loft berûn en kin it wat reine. Letter yn ‘e nacht klearret it wat op en soe it dizenich wurde kinne. De wyn komt út it noardwesten en is swak, by de kust lâns matich oant frij krêftich. It wurdt 7 graden.

Moandei wikselje bewolking en wat sinne inoar ôf en der falle in pear buien, mar in soad reinwetter wurdt net ferwachte. De noardwestewyn is matich, yn it Waadgebiet frij kêftich. It sil 14 graden wurde.

Op alle dagen is der dizze wike kâns op wat rein of in bui.

Jan Brinksma

oktober 10, 2021 19:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.