Waarpraatsje: Kreaze tongersdei

oktober 27, 2021 18:55

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Dat de sinne it yn dizze tiid fan it jier dreech ha kin, wie woansdei goed te fernimmen. It bleau yn Fryslân de hiele dei skier, mar tongersdei moat de sinne it dan lang om let winne.

Yn ‘e nacht nei tongersdei ta wurdt it, nei alle gedachten, op de measte plakken helder. De wyn komt út it suden en is matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. It wurdt 8 graden.

Tongersdei skynt de sinne it grutste part fan ‘e dei. De sudewyn is matich, mar by de kust lâns wer frij krêftich oant krêftich. De temperatuer leit om de 15 graden hinne.

Freed feroaret der noch net safolle oan it waar, mar yn it wykein is it skier en it bliuwt net drûch.

Jan Brinksma

oktober 27, 2021 18:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.