Waarpraatsje: Kâns op damp

oktober 7, 2021 18:50

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie alwer in kreaze dei mei yn Fryslân in soad sinne. It rêstige hjerstwaar duorret noch in pear dagen.

Yn ‘e nacht nei freed ta is it helder en de kâns op damp is grut. By in swakke eastewyn wurdt it mei in graad as 5 in frisse nacht.

Freed kin it earst dampich wêze, mar geandewei komt de sinne der goed by. Hoe let oft dat wêze sil, is net te sizzen. De wyn komt út it easten en is swak. Mei goed 15 graden is it noflik waar.

Yn it wykein bliuwt it drûch, mei op sneon in soad sinne.

Warskôging:
Tongersdeitejûn, yn ‘e nacht nei freed ta en yn ‘e moarntiid kin it rûnom yn Fryslân dampich wêze.

Jan Brinksma

oktober 7, 2021 18:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.