Waarpraatsje: Hjerstich wykein

oktober 1, 2021 17:45

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Sûnt in pear dagen is it hjerstich en dat bliuwt it ek noch wol in skoft.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon binne der opklearringen en op guon plakken soe it dizenich of dampich wurde kinne. By in swakke oant matige sude- oant súdwestewyn leit de temperatuer om de 8 graden hinne.

Sneon is it oan de skiere kant en der soe sa út en troch wat storein falle kinne. De sinne sille wy net in soad sjen. Yn ‘e rin fan ‘e middei rekket de loft berûn en sil it in skoft reine. De sude- oant súdeastewyn is matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. It wurdt 14 graden.

Snein wurdt in minne dei. It is skier en it sil wis net drûch bliuwe. By in matige oant frij krêftige súdwestewyn leit de temperatuer om de 15 graden hinne.

Takomme wike bliuwt it herstich.

Jan Brinksma

oktober 1, 2021 17:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.