Waarpraatsje: Hjerst

oktober 21, 2021 18:54

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It hat ôfrûne nacht en fan ‘e moarn op in soad plakken yn Fryslân bot reind en der stie ek in fûle wyn. Op guon plakken yn ‘e provinsje wie wetteroerlêst en stoarmskea. It bliuwt noch in dei rûzich.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed wikselje opklearringen en bewolking inoar ôf en der falle ek buien. De wyn komt út it westen oant noardwesten en is matich, mar by de kust lâns krêftich oant hurd mei kâns op wynpûsten. It wurdt 10 graden.

Freed is it ek noch hjerstich mei sinne en bewolking en der falle rûnom wer buien, mar dy binne net mear sa swier as tongersdei. De weste- oant noardwestewyn is matich oant frij krêftich, by de kust lâns krêftich oant hurd en yn it Waadgebiet earst noch stoarmich mei kâns op swiere wynpûsten. Letter op ‘e dei jout de wyn him stadichoan wat del. Mei 11 graden en in soad wyn fielt it kâld oan.

Yn it wykein krije wy hiel oar waar. It wurdt it stik rêstiger en it bliuwt twa dagen drûch.

Jan Brinksma

oktober 21, 2021 18:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.