Utstalling ‘SOAN-Heit yn moeting’

oktober 26, 2021 08:47 Fernijd

Fan 15 novimber 2021 o/m 9 jannewaris 2022 is yn Tresoar de útstalling SOAN-Heit yn moeting te sjen. Yn de útstalling komme de wrâlden fan fotograaf Simon Haringa (1953) en syn heit dichter Harmen Haringa (1920-2000) byinoar yn 24 trijelûken. Dy besteane út twa foto’s en ien gedicht. 

Foto: Simon Haringa

De foto’s fan Simon Haringa, op syn 26ste ferhuze nei Amsterdam, litte in wrâld fan no sjen. Hy lit de besiker meisjen troch de eagen fan in observearjende foarbygonger op syk nei rêst en balâns yn in grutte, hektyske wrâld. Ienentweintich jier nei syn dea slút heit Harmen Haringa by dy foto’s postúm mei syn gedichten oan. Hy skriuwt yn de taal dy’t him sa dierber is en leit dêrmei syn ‘Fryske siel’ bleat.

De paadwizer foar de eksposysje is de omrin. Dy folget de seizoenen en fertelt ek it ferhaal fan in libbenssyklus. Soan en heit moetsje inoar wer op in libbenstiid dat se beide weromsjen en reflektearje kinne. Foar beide is in lêste libbensfaze yn sicht. Dat ropt fragen op en twingt om te kiezen.

‘Wat my opfoel is dat ik as sechtiger mear mei him dielde as ik tocht. It is moai om te sjen wêr’t er mei dwaande wie en hoe’t er nei de wrâld seach. Ik learde him dêrtroch better kennen.’ (Simon Haringa)

De soan siket frijheid efter de hoarizon, de heit siket wissichheid yn de him fertroude Fryske omjouwing. Op it earste each hawwe harren wrâlden net folle mei-inoar mienskiplik. Dochs, nei de dea fan syn heit, lêst de soan de gedichten fan syn heit opnij en ûntdekt dat se as ‘sechtigers’ mear mei-inoar diele as tocht. Beide reagearje sterk op prikels út harren omjouwing en fiele se needsaak om harren gefoelens te uterjen. De iene filmet en fotografearret, de oare skriuwt. Fertelle se eins net in selde ferhaal? Is harren wrâld wol sa ferskillend?

Oer de tentoanstelling SOAN-Heit yn moeting seit Simon: ‘Ik soe it moai fine as minsken sjogge dat in ‘folksdichter’ echt wol moaie dingen meitsje kin. It giet my net om de erkenning fan it talint fan ús heit, mar om de ferwûndering en wurdearring dy’t ik ek ûnderfûn ha.’

Simon Haringa (1953, Aldeboarn) is as bern al fassinearre troch de hoarizon. Yn 1979 ferlit er Fryslân. Hy reizget in soad en fêstiget him yn Amsterdam, dêr’t er in film- en fotografy-oplieding folget. De klam leit op syn filmwurk, mar hy makket ek hast alle dagen foto’s. Hielendal as er de mooglikheden fan de smartphone ûntdekt. Dat apparaat makket it mooglik om direkt te reagearjen op de yndrukken dy’t er opdocht yn syn omjouwing. Mar net de dynamyk fan de stêd lûkt syn oandacht, hy siket krekt nei ferstilling, rêst en balâns. Yn syn lânskippen lykje minsken ek by tafal foar te kommen. Dy syktocht resultearret yn ferskillende eksposysjes.

Harmen Haringa (1920-2000, Heech), fabryksarbeider mei acht jier legere skoalle, leit begroeven yn syn berteplak. Foar him wie Fryslân it moaiste lân op ierde. Harmen hat syn hiele libben Fryske gedichten skreaun. Al hie er ek net folle skoalle hân en wie er ûnwis oer syn eigen kinnen, dochs binne in pear bondeltsjes mei wurk fan him útjûn. Hy beskriuwt dêryn hoe’t er him ferhâldt ta de wrâld om him hinne, syn leauwe en de reis dy’t er alle jierren wer makket troch de tiden fan it jier, yn it Fryslân dêr’t er sa fan hâldt. Mar ek oer weromkommende twivel, it ferlies fan wissichheden en eangst foar de ein.

oktober 26, 2021 08:47 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.