Utstalling ‘Rock-’n-roll yn Fryslân’

oktober 25, 2021 08:34

Wat is der wurden fan de manlju en froulju dy’t yn it tiidrek 1960-1999 furoare makken yn de Fryske rockscene? Yn de útstalling Rock-‘n-roll yn Fryslân 1960-1999 krije besikers in ynkykje yn it libben fan 42 Fryske rockers. De útstalling is te sjen fan 11 novimber 2021 oant en mei 9 jannewaris 2022 yn paviljoen Obe yn Ljouwert.

Boarne: Tresoar

Yn Rock-‘n-roll yn Fryslân 1960-1999, neamd nei it boek mei deselde namme troch Robert Wielinga, wurde de yntrigearjende en ek kwetsbere ferhalen fan wat 42 rockers meimakke hawwe yn harren muzikale libben, mar ek dêrfoar en dêrnei. De útstalling is yndield yn fjouwer tiidrekken fan tsien jier. Yn elk desennium sjogge fyftjin betûfte ynterviewers mei de haadpersoanen werom op harren libben as muzikant. Hoe suksesfol wiene se eins? Wat is der safolle jierren letter fan harren wurden?

It boek en de eksposysje jouwe net allinne in bysûnder en ôfwikseljend byld fan it libben fan 42 Fryske rockers, mar ek fan de tiidgeast fan 1960-1999. De tentoanstelling lit in tiidsbyld sjen fan in feroarjende muzykkultuer: fan de earste beatbandsjes, progressive rock en metal oant ska ,’Friese bries’ en hiphop. Mei portretfoto’s fersoarge troch alve Fryske topfotografen en unike bylden út de priveekolleksjes fan de rockers wurde de ferhalen ta libben brocht.

In tentoanstelling oer muzyk sûnder muzykynstruminten? Net Rock-‘n-roll yn Fryslân! In part fan Obe is ûnder de tentoanstelling ynrjochte as in ‘echt’ poadium mei muzykynstruminten lykas in drumstel, basgitaren, in oargeltsje en fersterkers. As soene de rockers krekt fan it poadium ôfstapt wêze… Fierder binne yn de tydlike museumwinkel souvenirs lykas ansichtkaarten mei foto’s út it boek, T-shirts en it boek te keap.

Alhiel neffens it tema wurdt op 18 novimber yn gearwurking mei Húskeamerteater De Wier in finyljûn organisearre. Besikers kinne harren eigen LP’s meinimme dêr’t in tal fan bepraat en draaid wurde sille. Op 26 novimber sille der op de Ferhalejûn ferhalen ferteld wurde oer muzyk út de sechtiger oant en mei de njoggentiger jierren. Ynformaasje oer beide jûnen is meikoarten te finen op de webside fan Tresoar.

De foarmjouwing fan de tentoanstelling wie yn hannen fan Monique Vogelsang. It boek Rock-‘n-Roll in Friesland is betocht troch Robert Wielinga en útjûn troch Uitgeverij Louise. Mear ynformaasje oer de tentoanstelling, iepeningstiden en de aktiviteiten is te finen op tresoar.nl.

oktober 25, 2021 08:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.