Utnûging foar gearkomste Ried fan de Fryske Beweging

oktober 18, 2021 13:16

Bekendmakking

It bestjoer fan de Ried fan de Fryske Beweging nûget syn stipers en de fertsjintwurdigers fan de oansletten selskippen fan herten út foar de gearkomste op 28 oktober fan de Grutte Ried. Wy hoopje jimme nei in koroana-stilstân fan goed oardel jier wer libbensliif te ûntfangen.

Plak:  doarpshûs Nij Franjum, Tramstrjitte 36, Marsum
Tiid:  tongersdei 28 oktober om 19.30 oere

Om’t koroana noch ûnder ús is, binne wy ferplichte om allinnich minsken ta te litten dy’t mei in QR-koade op telefoan of papier sjen litte kinne dat se faksinearre of test binne of al koroana hân hawwe. By it ynkommen wurde jimme kontrolearje op dy QR-koade.

Utstel wurklist

(sjoch foar de stikken by de wurklistpunten mei in * op de side fan de Fryske Beweging ûnder ‘Oer ús’ by de ANBI-ynformaasje, omtrint ûnderoan)

  1. Iepenjen en fêststellen fan de wurklist
  2. Meidielings en ynkommen stikken
  3. Oantekens lêste Riedsgearkomste d.d. 16-5-2019
  4. Formeel fêststellen jierferslach 2019 skriuwer en ponghâlder*
    Dy jierferslaggen binne foarich jier digitaal foarlein, opmerkings binne ferwurke, mar formeel moatte se noch fêststeld wurde.
  5. Ferslach ponghâlder:
  6. a. Jierrekken 2020*
    b. Ferslach kaskommisje en beneamen nij kaskommisjelid
    c. Begrutting 2022
  7. Jierferslach skriuwer 2020*
  8. De takomst fan de Ried
  9. Stân fan saken juridysk trajekt
  10. Ferslach oerlis Ried – deputearre Poepjes (oerlis is 28 oktober moarns)
  11. Suggestjes foar in Galajûn foar it Frysk
    De Fryske Reklamepriis hat syn tiid hân. Nije priis: in soarte fan Oscars foar wa’t yn ferskate dissiplines it Frysk op in goede wize befoarderet? Útrikking op Galajûn foar it Frysk.
  12. Wat fierder op it aljemint komt / omfreegjen

SKOFT

  1. Hoe stiet it derfoar mei Taalplan Frysk 2030 (sjoch www.taalplan.frl)?
    Provinsjaal meiwurkers Nienke Jet de Vries en Ineke Rienks fan it projektteam Taalplan Frysk 2030 prate ús by oer it projekt, de ambysjes, de foarderingen en de reaksjes fan de skoallen.
  2. Sluten

Neisit mei slokje en flaubyt

 

oktober 18, 2021 13:16
Skriuw in reaksje

9 opmerkingen

  1. Hendrik Boonstr oktober 25, 11:36

    By dizze wol ik ‘n klacht tsjin jim yntsjinje foar it freegjen fan ‘n QR pas foar jim gearkomste. It raast oan de protters dat no ek al ‘frije’ friezen mei doche mei dizze poppenkast. Leaver dea as slaef!

  2. Pieter Bouma oktober 25, 21:45

    Ik slút my oan by Hendrik Boonstra.

    Leaver dea as slaef.

  3. Deistich Bestjoer Ried fan de Fryske Beweging oktober 26, 20:39

    Elk is tige wolkom kommende tongersdei by de gearkomste. De regels ferplichtsje ús al om allinnich minsken ta te litten dy’t oantoane kinne dat se faksinearre binne, koartby test binne of al Covid hân hawwe. Wy steane as deistich bestjoer fan de Ried folslein efter dy wittenskiplik ûnderboude en demokratysk fêststelde regels dy’t yn de praktyk ek fertuten blike te dwaan tsjin it firus. En dy’t minsken dy’t harren net faksinearje litte wolle yn ‘e mjitte komme. Dyjingen dy’t harren lykwols net oan dy regels hâlde wolle, kieze dêr bewust foar en dêrmei ek foar de beheinings dy’t dêr út folgje.

    De folkssûnens stiet foarop. Jo kinne mei de maatregels nije besmettings net folslein tefoaren komme, mar it risiko wol tige beheine. Dêr wurkje we graach oan mei. Likegoed foar de Fryske Bewegers wolle we dat risiko sa lyts mooglik hâlde. As we dat net dienen, soenen we just minsken keare dy’t dan net doarre te kommen troch in grutter risiko op besmetting.

  4. Gea oktober 26, 22:22

    Ferjitte jimme net de ynkommen stikken te behaneljen? Meinammen de brief fan Sybren Posthumus. Ik bin Tiger benieuwd mei jimme reaksje. Ik doch yn berop op jimme sûne ferstân en earlikhied.

  5. Nanne Hoekstra oktober 27, 10:43

    Apart dat de kriigshelden hjirboppe beare fan ‘leaver dea as slaaf’ wylst se it blykber sels net iens oandoare en helje efkes in pripke. Dat is no just in died dêr’t de Friezen harren frijheid mei werom krije. De striid is diskear net tsjin greven of nazi’s en likemin tsjin QR-koaden, mar tsjin in firus. ‘Ik wol dy rotsoai net yn myn liif’, wurdt der dan sein, wylst hja it oer faksins hawwe dy’t op it stuit wrâldwiid al omtrint sân miljard kear praktysk sûnder problemen tatsjinne binne. Eardere Friezen (en oaren!) dy’t ús frijheid ferdigenen hienen te krijen mei stiel en lead yn harren liif. We moatte mar bliid wêze dat dy dêr net foar tebekskrillen en de rjochte fijân al te liif gienen.

  6. Erwin2.0 oktober 27, 14:01

    Lit jim net ferdiele troch it firus. De ien fynt dit en de oar fynt dat. Haw ek each en respekt foar elkoar. Jim binne minsken mei allegear eigen nommele wearden.

  7. mbc84 oktober 27, 16:36

    Efkes in pripke… Sa’nt doart it mar te sizzen…

    Hoech my net ‘faksinearje’ te litten tsjin in sykte dy’t en net deadlik en net skealik is. Guon soenen harren behannelje litte moatte foar harren yrrasjonele eangststeurnis dy’t se hawwe om bytsje ferkâlden en griperich te wurden.

    Bliuw mar leauwen dat it o sa helpt. Jimme sifers litte it sjen…

  8. Cor Jousma oktober 28, 10:10

    Sa’n 160 jier nei it ôfskaffen fan de slavernij en yn in Europeesk lân dêr’t 75 jier frede is, hat de gjalp “Leaver dea as slaef!” yn dizze sûnensdiskusje suver wat in holle klank.

    In útbrek fan koroana dy’t werom te lieden is nei in ledegearkomste fan de Ried, dêr sitte noftere Friezen dochs net op te wachtsjen.

    Brûk jimme ferstân…

  9. mbc84 oktober 28, 12:16

    Och heden och heden, jo witte noch net dat dat lykwols kin? Allegearre faksinearre en dochs korona, nuver net? Oanstellers.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.