Undersyk LC: 70 jier nei Kneppelfreed

oktober 30, 2021 08:49

Kneppelfreed, no santich jier lyn, soarge foar in grutte feroaring yn ’e omgong mei de Fryske taal. De Ljouwerter Krante lit ûndersykje hoe’t de hâlding foar it Frysk oer no is en wat de kennis fan de taal is.

Foto: Wikipedy – publyk domein

Ut in ûndersyk yn 2014 die bliken dat jongelju yn ’e Wâlden it Frysk mear brûke as minsken fan deselde âldens yn ’e rest fan ’e provinsje. It skriuwen, lêzen en sprekken fan it Frysk is tusken 2015 en 2018 wat better wurden, de lêsfeardigens yn it Frysk naam tusken 1994 en 2003 in pear persint ôf, sa kaam ek út ûndersiken nei foaren.

It ûndersyk dat yn gearwurking mei de Ljouwerter Krante opsteld is troch Robert Oosterbaan fan Enigma Research út Grins, kin fan no oant 7 novimber ynfolle wurde. It giet net inkeld oer de hâlding foar it Frysk oer, mar der binne ek fragen oer de taal dy’t thús praat wurdt, en oft ien yn it Nederlânsk oergiet as ien gjin Frysk ferstiet. Der wurde ek fragen steld oer it brûken fan it Frysk yn de Ljouwerter Krante sels.

Haadredakteur Sander Warmerdam fan de Ljouwerter Krante seit dat er it fansels serieus nimme sil as út it ûndersyk bliken docht dat der folle mear Frysk yn ’e krante moat, mar jout wol oan dat de krante safolle mooglik minsken berikke wol. De resultaten wurde koart foar de betinking fan Kneppelfreed op 16 novimber buorkundich makke.

De enkête is yn it Nederlânsk opsteld en it ynfoljen duorret likernôch fiif minuten. Foar wa’t dat wol is der nei de tiid noch in kwis te dwaan om jinsels te testen op it Frysk. De kwis bestiet út achttjin mearkarfragen.

Link nei it ûndersyk: www.ersm.nl/kneppelfreed.

oktober 30, 2021 08:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.