Twa Fryske foardrachten foar de IBBY Honour List 2022

oktober 20, 2021 09:39

Boarne: Afûk

De boeken Silke & Miss Dee (útjouwerij Afûk 2020) skreaun troch Baukje Wytsma fan Reduzum en De bruorren Liuwehert (Utjouwerij Regaad 2019) fan Astrid Lindgren, oerset troch Rymke Zijlstra fan Oentsjerk, binne foardroegen foar de IBBY Honour List 2022.

Dy earelist fan de IBBY (International Board on Books for Young People) is in ynternasjonale, twajierlikse seleksje fan resint  publisearre boeken fan hiel hege kwaliteit, ta eare fan skriuwers, yllustratoaren en oersetters út de lannen dy’t by de IBBY oansletten binne. De list jout in ynsjoch yn it bêste wat elk lân te bieden hat oan berne- en jeugdliteratuer. IBBY-Nederlân draacht sawol Frysktalige as Nederlânsktalige skriuwers en oersetters foar de Honour List foar.

Yn de kategory ‘tekst’ is Baukje Wytsma foardroegen mei har boek Silke & Miss Dee. It bysûndere is dat dêr trije talen yn brûkt wurde: Frysk,  Nederlânsk en Ingelsk. It boek befettet prachtige, artistike yllustraasjes fan Carla van der Heijde, dy’t goed by de tekst oanslute. Titels dy’t earder by útjouwerij Afûk foardroegen waarden binne  Fjouwer dappere mûskes fan Eppie Dam (2014), In nije heit fan Thys Wadman (2016) en Tije fan  Mirjam van Houten (2018).

Boarne: Regaad

Oersetster Rymke Zijlstra is yn de kategory ‘oersettingen’ foardroegen foar har oersetting fan Astrid Lindgren’s klassike, Sweedske berneboek De bruorren Liuwehert. De oersetting, mei prachtige yllustraasjes fan Kim Hunnersen, is yn 2019 by Utjouwerij Regaad útkommen. It is foar de tredde kear efterinoar dat in oersetting fan Regaad foar de IBBY Honour List foardroegen wurdt, nei De GFR (troch Martsje de Jong) yn 2018 en Teltsjes fan Tellegen (troch Anne Tjerk Popkema) yn 2020.

De IBBY hat as doel om bern oan te setten om boeken fan hege kwaliteit te lêzen en bout mei jeudliteratuer brêgen tusken minsken en kultueren. Mear ynformaasje is te finen fia ibby-nederland.nl.

oktober 20, 2021 09:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.