Toeristen oant 2022 net wolkom yn Australië

oktober 5, 2021 09:22

Australië lit oant 2022 gjin bûtenlânske toeristen ta. Dat hat premier Scott Morrison sein. Studinten en migranten dy’t nei it lân komme foar wurk, krije foarrang. “De prioriteit leit by faksinearre migranten mei in goede oplieding dy’t wichtich binne foar de ekonomy en by studinten dy’t hjir komme om te studearjen”, seit Morrison.

Melbourne (foto: Wikipedia/Shannon Hobbs – CC BY-SA 2.0

De premier kundige oan dat der foar de Australiërs sels wer wat mear mooglik wurdt, no’t yn it lân meikoarten tachtich persint fan de ynwenners in earste prip hân hat. Ferline wike sei er al dat Australiërs en ynwenners mei in permaninte ferbliuwsfergunning fan novimber ôf wer nei it bûtenlân reizgje meie. Sûnt ferline jier maart jilde yn it lân strikte reisbeheiningen.

De Australyske stêd Melbourne is sûnt snein wrâldwiid de stêd dêr’t it langst in tichtplicht fanwege koroana jildt. De Australyske omrop ABC berekkene dat de ynwenners yn de ferskate tichtplichtriten byinoar al 245 dagen binnendoar sieten.

oktober 5, 2021 09:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.