Tichter by Eise Eisinga

oktober 15, 2021 08:24

Elkenien ken it Frjentsjerter Planetarium fan Eise Eisinga, mar wa wie dy man? Der wie oant no net safolle bekend fan de man dy’t oan ’e ein fan de achttjinde iuw foar de wittenskip syn eigen hûs sa ferboude dat der noch mar amper yn te wenjen wie.

Arjen Dijkstra (1979), direkteur fan it Universiteitsmuseum yn Grins en spesjalist yn de wittenskipsskiednis, hat it libben fan Eise Eisinga en syn wurk yngeand bestudearre. Dat is útrûn op in prachtich boek De Hemelbouwer. Dijkstra hat in protte, faak noch ûnbekende boarnen rieplachte en wit Eisinga in plak te jaan yn dy syn tiid fan grutte ekonomyske, politike en wittenskiplike feroaringen. De skiednis fan Eisinga en syn Planetarium binne nau ferweve mei it ûntstean fan it moderne Nederlân.

Njonken syn boek foar folwoeksenen hat Dijkstra ek in boek foar bern skreaun om it planetarium foar harren ek tagonklik te meitsjen. It komt yn twa talen út. It Himelbouwerke en Het Hemelbouwertje.

Boekgegevens
De Hemelbouwer
ISBN 978 90 5615 789 0 | ynbûn | 200 siden | € 22,50

It Himelbouwerke
ISBN 978 90 5615 852 1 | ynbûn | 32 siden| € 7,90

Het Hemelbouwertje
ISBN 978 90 5615 851 4 | ynbûn | 32 siden | € 7,90

De boeken binne útjûn troch Noordboek op ’e Gordyk en te krijen bij de boekhandel en fia www.noordboek.nl

oktober 15, 2021 08:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.